Zoekresultaten
Resultaat 41 - 48 (van 48)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hynstemystearje
Op it hynstekonkoers fan Riis yn Gasterlân wurdt Bearn, in prachtige swarte rún fan acht jier âld, op mysterieuze manier stellen. Marchje en Petra krije aldergeloks de help fan Mentha Minnema by har speurwurk om it hynder werom te krijen. Mar dat liket net bêst... Grate helpt diskear faaks noch wol mear mei as Pyt Pander. Hy is miskien wol fereale en dat lytse hûntsje mei it plakje om it each leveret út en troch ek noch in spoar op. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige....
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (214 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it kattemystearje
Mentha Minnema belânet diskear as hûneleafhawwer mei in protte ferstân fan katten, yn in kattemystearje. Jurjen en Jeltsje Risselade misse harren kat Tsjip en wat dêr dan allegearre oan aventoeren achter wei komt... Ek diskear wer helpt Pyt Pander mei, mar de polysje hie it allinne noait oprêden. Dit ferhaal wurdt foarlêzen troch de skriuwster Anny de Jong. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1998 as achtste diel yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud De nijkeap In frjemdsoartige kat A real...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (222 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hûnemystearje
Mentha Minnema komt in frjemde bistedokter op it spoar, dy't rare dingen mei hûnen útfynt. Stabij Mette fan Jeltsje en Jurjen Risselade is ûntfierd en der binne mear stabijs dy't slachtoffer wurden binne. Nei in protte aventoeren kriget Jurjen in sulveren balkje by de polysje, en dat hie er wol fertsjinne! It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anny de Jong, dy't it ek skreaun hat. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1990 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It kin alle kanten ut Sneupers en paadwizers...
Westerlauwers Fries | 2 uur 35 minuten (154 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Mentha Minnema en it klokkemystearje
As Ferdinand mei syn heit in prachtige antike klok keapje wol foar mem, is de hiele klok ferdwûn! Stellen! Of is der dochs wat oars mei oan de hân? Foardat se it witte sitte Ferdinand en Jeltsje mei Mentha Minnema midden yn in spannend speurders-aventoer. Slagget it harren om mei Pyt Pander fan de resjerzje de saak op te lossen? Harkje nei it hiele ferhaal, dat foarlêzen wurdt troch skriuwer Jan Schotanus sels. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It berjocht...
Westerlauwers Fries | 2 uur 13 minuten (152 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Mentha Minnema en it smokkelmystearje
Ferdinand en Jeltsje (bekend fan Mentha Minnema en it klokkemystearje) helpe de privee-detektive. Yn Straatsburg treft Ferdinand Leontine, in Frysk/Spaans famke, dat ek wol in aventoer mei Mentha Minnema belibje wol. Mar foar har is dit speurferhaal net allinne mar feest. It wurdt har suver te spannend! Harkje nei it boek en lit dy meinimme yn it aventoer! It boek is yn de Mentha Minnema-rige ferskynd yn 1995. Inhoud Skyldpodden Autopech mei slang It Europeeske Parlemint De man mei de snor Telepaty...
Westerlauwers Fries | 3 uur 4 minuten (204 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De swannen fan Hoxwier
It libben fan de ynwenners fan Fryslân wurdt behearske troch de fraach wa't foar de Spanjerts en tsjin de herfoarming is, of oarsom. De bewenners fan Hoxwier binne tsjin de Spanjerts en dat is oaren net nei it sin. Op in dei binne de swannen fan de state op stjerren nei dea. Is dat it wurk fan de duvel, of is der wat oars oan de hân? Inhoud Ynlieding De Spanjoalen De state Hoxwier Feest Frjemdfolk De foarsizzing Wachtposten De swannen I De reis nei de sted Ljouwert De alchemist Frjemde gasten...
Westerlauwers Fries | 2 uur 16 minuten (151 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries | 2 uur 25 minuten (146 MB) | Afûk, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Spikergek
Mette is gek op kompjûters. Op in stuit krijt se in koade en kin se geheime berjochten oer kompjûterfirussen lêze. Se komt yn de kunde mei in firus dat samar fan de digitale de echte wrâld ynglidet. En dan wurdt it spannend. Spikergek ferskynde yn 2002 by Bornmeer. Spikergek wurdt foarlêzen troch Anny de Jong. Foar reaksjes kin maild wurde mei annydejong@hetnet.nl Inhoud Gean der mar foar sitten In âlde bekende Strieltsjes swit en kola Ryp foar de psychiater Grien slym In kâlde oangelegenheid...
Westerlauwers Fries | 2 uur 31 minuten (148 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)